Bangabuert bliid mei brêge

16 maaie 2007 - 06:31

De nije Salverderbrêge yn Frjentsjer soarget derfoar dat de Bangabuert gjin lêst mear hat fan swier frachtferkear. De nije brêge waard tiisdei iepene. De ôfrûne jierren rieden in soad frachtauto's troch de wyk om't der gjin oare rûte wie nei it bedriuweterrein yn de buert.

Troch de hege bolling kinne trucks mei lange oplizzers net oer de brêge. Dy moatte dan mar troch de wyk, seit wethâlder Miedema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)