Bang avontuer op Waadsee

05 jun 2003 - 00:00

De reddingsboat fan Skylge hat woansdei in echtpear út Snits fan it Waad helle. Harren boat wie nei in tongerbui hast fol wetter rûn fol en heal sonken. Pas nei in oere seach de bemanning fan de fearboat nei Flylân it skipke. Dy skeakele de reddingsboat yn.

Doe't de rêders kamen, dreaunen de Snitsers al hast in kilometer by harren platboaiumboat wei. De slachtoffers binne slim ûnderkuolle nei it sikehûs yn Harns brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)