Baneplan liedt debiteuren op

23 okt 2014 - 12:39
  • (stockfoto)

Fyftjin minsken sûnder baan yn de gemeenten Smellingerlân en Hearrenfean wurde oplaat ta saneamde debiteurebehearders. Sy geane by lytse en middelgrutte bedriuwen oan de slach om derfoar te soargjen dat de rekkenings betelle wurde.

It baneplan is in inisjatyf fan it bedriuw GMT Educatie. Benammen minsken mei kommersjele ûnderfining of ûnderfining mei it dwaan fan administratyf of finansjeel wurk wurde frege om hjir oan mei te dwaan. Trochdat it bedriuwslibben meidocht, kinne de minsken nei de oplieding oan it wurk by de bedriuwen.

De oplieding wurdt betelle troch de gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)