Baneplan frachtweinsjauffeurs net foar Fryslân

20 okt 2015 - 14:16
  • (stockfoto)

De plannen fan de transportsektor om de kommende jierren twatûzen sjauffeurs in oplieding mei baangarânsje te jaan, gean oan Fryslân foarby. Noardlike sjauffeurs komme net yn 'e beneaming. De reden is dat it benammen giet om banen yn it suden fan it lân. Dat hat te krijen mei de transporten fan de Rotterdamske haven nei Dútslân dy't bot tanimme.

Transportbedriuwen, fakbûnen en it ministearje fan sosjale saken wolle mei it plan de wurkgelegenheid stimulearje en betûfte sjauffeurs foar de sektor behâlde.

Dêrneist moat it plan foarkomme dat der aanst te min sjauffeurs binne, no't in soad truckriders de kommende jierren mei pensjoen gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)