Banen yn de bou nei flekswurk

25 apr 2013 - 14:29
  • Wenningbou

It fakbûn FNV bou sil der strenger op tasjen dat boubedriuwen har oan de CAO hâlde. Oanlieding is dat hieltiten mear boufakkers mei in fêst kontrakt dien krije en dan ferfongen wurde troch goedkeapere flekswurkers. It fakbûn FNV Bou en Ynfra hat in enkête dien ûnder goed 1500 boufakkers yn hiel Nederlân.

Dêr komt út nei foaren dat in soad minsken ûntslein waarden en dêrnei wer tydlik ynhierd troch har âlde baas, mar dan foar minder lean. Mar de measten krigen dien, wylst har wurk dêrnei troch oare, goedkeapere krêften oernaam waard.

It fakbûn sil de saak goed yn de gaten hâlde, ûnder oare troch ekstra ynspekteurs yn te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)