Banen troch Social Return

15 nov 2012 - 17:14
  • Wethâlder Andries Ekhart

De gemeente Ljouwert tinkt dat it har slagje sil om dit jier en takom jier 300 minsken dy't lang sûnder wurk sitte wer oan in baan te helpen. Neffens wethâlder Andries Ekhart is de gemeente no op 'e helte. De wurkleazen dogge mei oan it projekt Social Return.

It projekt is yn 2007 opset om langduorjend wurkleazen wer oan it wurk te krijen. Bedriuwen dy't in oanbesteging by de gemeente winne, moatte yn it projekt ferplicht wurkleazen oannimme. Troch de ekonomyske krisis is der lykwols kâns dat it tal projekten weromrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)