Banen skrast by ING

02 sep 2010 - 12:51

De ING is fan doel om de kommende oardel jier goed 130 banen te skrassen yn Ljouwert. It giet om de ôfdieling dy't de e-mails fan klanten beäntwurdet. Dat wurk wurdt de kommende tiid oerhevele nei de festigingen yn Amsterdam en Arnhim.

23 fêste meiwurkers en goed 100 útstjoerkrachten ferlieze dêrtroch har baan. Foar de fêste meiwurkers is in begeliedingstrajekt om binnen of bûten de ING wer oan it wurk te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)