"Banen rjochtbank net fuort"

24 sep 2014 - 22:51
  • De rjochtbank yn Ljouwert

Personiel fan de rjochtbank yn Assen sil net ferhúzje nei de haadfestiging fan de rjochtbank Noard-Nederlân yn Grins. Dat hat Jacques Tichelaar, kommissaris fan de Kening yn Drinte, woansdei oan provinsjale steaten meidield. Neffens Tichelaar binne der earder hurde ôfspraken makke oer it behâld fan wurk en banen by justysje yn it noarden. Hy wol dat de 150 banen by de rjochtbank yn Assen net ferdwine nei Grins.

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat ferline wike al dúdlik makke dat hy poerrazend is oer it plan om personiel fan de Ljouwerter rjochtbank ûnder te bringen yn Grins. Ek neffens him is it foarstel tsjin alle ôfspraken yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)