Banen fuort by Woudsend

19 sep 2003 - 00:00

By Woudsend Verzekeringen yn Wâldsein ferdwine fyftjin fan de 250 banen. Der falle lykwols gjin twongen ûntslaggen. Dit hat de direksje fan memme-bedriuw Fortis freed oan it personiel bekendmakke.

De banen ferdwine omdat in part fan de ôfdieling skea yn de takomst dien wurdt yn de mande mei AMEV en Stad Rotterdam verzekeringen. Mei-inoar skrast Fortis lanlik 750 arbeidsplakken, 3 persint fan it totaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)