Banen fuort sintrale Burgum

14 mrt 2012 - 12:11
  • Enerzjy sintrale Burgum

Tsientallen banen ferdwine by de elektrisiteitssintrale yn Burgum. Eigener GDF Suez Energie bringt de produksje yn de sintrale mei trijekwart werom. Der wurkje 40 minsken yn Burgum. Njonken de sintrale yn Burgum bringt Suez Energie ek de produksje yn Harculo by Swolle werom. Dêr wurkje 20 minsken. Doel is dat yn Burgum en Harculo 13 banen oerbliuwe. De oare meiwurkers kinne mooglik by oare sintrales fan de eigener wer oan it wurk. Twongen ûntslaggen wurde net útsluten. Suez Energie reorganisearret om't der in soad oanbieders op de merk binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)