Banen fuort by Rykswettersteat

17 apr 2003 - 00:00

By Rykswettersteat Noard-Nederlân yn Ljouwert ferdwynt binnen fjouwer jier mooglik de helte fan 'e 600 banen. Dat stiet yn in takomstfysje dy't de direksje koartlyn bekendmakke hat. De plannen soargje foar ûnrêst ûnder it personiel.

Rykswettersteat wol de kommende tiid kritysk sjen nei de bedriuwsfiering en mear taken útbesteegje. De fakbûnen binne skrokken fan 'e plannen en freegje de direksje om opheldering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)