Banen fuort by Leaf yn Snits

01 okt 2010 - 15:49

By suertsjefabryk Leaf - it eardere pipermuntsjefabryk - yn Snits ferlieze alve fan de goed 100 wurknimmers harren baan. Dit hat te krijen mei in reorganisaasje. De produsent fan ûnder oare King, Sport Life en Rang draait op dit stuit mei ferlies.

Neffens it bedriuw is it fanwege grutte konkurrinsje yn de merk nedich om struktureel op kosten te besparjen. Dat wurdt ûnder oare dien troch de automatisearing fan in part fan it produksjeproses en dat kostet banen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)