Banen fuort by Kasino Ljouwert

24 nov 2008 - 14:34

By Holland Casino yn Ljouwert ferdwine takom jier banen as gefolch fan 'e kredytkrisis. Alle festigings fan Holland Casino hawwe slim te lijen fan weromrinnende besikersoantallen.

Yn Ljouwert falt it ferlies oan ynkomsten yn ferhâlding noch ta. Dochs wurde ek yn Ljouwert net alle tydlike kontrakten ferlingd. Op dit stuit hat it kasino wurk foar 95 full-timers. Yn 2009 giet dat tal werom nei 85 oant 90 banen. Der falle sa't it no liket gjin twongen ûntslaggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)