Banen fuort by Friki

08 jul 2003 - 00:00

By hinnefleisprodusint Friki yn Easterwâlde ferdwine sân arbeidsplakken. It giet net om twongen ûntslaggen. It bedriuw slút de festiging yn Uden en dêr stean 45 wurknimmers op strjitte.

De maatregels binne nedich om't it der minder hinnefleis ferkocht wurdt, benammen yn de hoareka. Neffens direkteur Hamster fan Friki leit dat oan it minne imago fan de hoareka en de minne ekonomyske situaasje yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)