Banen fuort by Fleanbasis

17 sep 2013 - 16:04
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

Troch besunigings op definsje gean op de Fleanbasis Ljouwert in soad banen ferlern. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke. It personiel is tiisdeitemoarn oer de plannen ynljochte. Hoefolle banen oft krekt skrast wurde, wol basiskommendant Verhaaf noch net sizze. De Fleanbasis Ljouwert krijt de kommende jierren in mear stypjende funksje. De basis yn Volkel sil de wichtichste taken útfiere.

Der wurde sân F-16's skrast. Dat giet benammen ta skea fan de Fleanbasis Ljouwert. It Ryk wol 35 nije Joint Strike Fighters oanskaffe.

Minister Hennis-Plasschaert fan Definsje sjocht kânsen foar de takomst fan de fleanbasis yn Ljouwert no't yn de Miljoenenota fan dúdlik wurden is dat dy iepenbliuwt, nettsjinsteande grutte besunigings. De minister sjocht op de basis yn Ljouwert romte foar nije ûntwikkelings op it mêd fan definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)