Banen fuort by FBS Bouwglas

06 mrt 2009 - 15:09

By it bedriuw FBS Bouwglas fan Frjentsjer ferdwine seis fan de tsien banen. Allinnich de fjouwer eigners bliuwe oan. It bedriuw hat slim te lijen fan de ekonomyske krisis. Der is net folle wurk mear foar de glêssetters.

It bedriuw hat noch besjoen oft it yn oanmerking komme kinne foar wurktiidferkoarting. Neffens ien fan de eigners komt FBS Bouwglas dêrfoar net yn de beneaming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)