Banen ferdwine by CJIB

02 aug 2012 - 10:14
  • CJIB

By it boetekantoar CJIB yn Ljouwert ferdwine de kommende 4 jier tusken de 75 en 100 banen. De ferwachting is dat de krimp foar in grut part opfongen wurdt troch natuerlik ferrin. De ryksoerheid moat besunigje en ek it CJIB ûntkomt dêr net oan. Boppedat geane ferskate nije taken lykas it ynkassearjen fan de kilometerheffing en guon ryksbelestingen net troch. It CJIB hie der al wol op ynspile.

It CJIB hat earder al besunige op útjeften, mar dat is net langer genôch. Der moat no 15 prosint op it personiel besunige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)