Banen ferdwine by Achtkarspelen

07 okt 2004 - 11:53

Troch stevige besunigings ferfalle der by de gemeente Achtkarspelen yn in koart skoftsje tiid 16 arbeidsplakken. It giet om sawat sân prosint fan de 230 meiwurkers.

Ofrûne maitiid naam de gemeenteried al it beslút om seis fakatueres net mar yn te foljen. Dêr komme no noch tsien by. Benammen de banen fan âldere meiwurkers ferdwine. Sy kinne gebrûk meitsje fan in spesjale regeling om der earder mei op te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)