Banemerk foar jeugd

24 sep 2014 - 16:35
  • Banemerk foar jongeren

Sa'n 4.000 Fryske jongeren binne op it stuit wurkleas. Om har wer oan it wurk te krijen, wie woansdei op It Hearrenfean in banemerk organisearre. Dêr kamen hûnderten jonge wurkleazen op ôf. Foar jongeren is it ekstra dreech om wurk te finen, ek al binne der wol fakatueres. Ald-Twadde Keamerlid Mirjam Sterk is ambassadeur fan de Aanpak Jeugdwerkloosheid en iepene de banemerk.

De measte jongeren binne wol sa realistysk om ek bûten har eigen wurkfjild te sykjen as it net slagget om wurk te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)