Banemerk foar 45-plussers

20 apr 2007 - 17:30

It CWI Ljouwert hâldt kommende tongersdei in banemerk foar wurkleazen fan 45 jier en âlder. Se kinne útsykje litte wat har kânsen op in baan binne. Ek wurdt ynformaasje jûn oer banen yn de metaal- en taksysektor.

It Sintrum foar Wurk en Ynkommen is ein ferline jier begûn mei it projekt Talent 45-plus. Doel is om dizze groep wurksykjenden mear kâns op in baan te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)