Banemerk eilannen is sukses

09 mrt 2008 - 09:26

Goed 60 minsken hawwe sneon by de banemerk fan it CWI op de Waadeilannen wurk fûn. It wurdt hieltyd dreger om minsken te finen foar fakânsje- en seizoenswurk op de eilannen. Reden foar it CWI om in banemerk te hâlden.

Hast 200 minsken namen fergees de boat nei ien fan de Waadeilannen. 60 fan har krigen fuortendalik in kontrakt, 70 oaren hawwe in ôfspraak foar in ferfolchpetear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)