Baneferlies by it FD

16 okt 2013 - 21:19
  • Friesch Dagblad

In tredde fan de arbeidsplakken by it Friesch Dagblad giet ferlern. Dat seit Geert-Jan van der Snoek, algemien direkteur fan de NDC Mediagroep, de útjouwer fan it FD. It giet om 18 fan de goed 60 arbeidsplakken by de krante. It arbeidsferlies falt net op de redaksje, mar op ôfdielings as ferkeap en opmaak.

It oerbleaune personiel fan it Friesch Dagblad ferhuzet de kommende wiken nei it gebou fan de Ljouwerter Krante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)