Baneferlies by Enna Aerosols

31 mrt 2005 - 06:30

By it spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum sille banen ferdwine. De direksje fan it bedriuw hat woansdei oan it personiel bekend makke dat der 45 fan de 100 minsken útmoatte.

Reden foar de ûntslaggen is it grutte ferlies oan klanten. De plannen fan de direksje binne hurd oankaam by it personiel. De fakbûnen sille no moandei mei de leden prate oer it baneferlies.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)