Banebeurs hiert taksys yn

20 maaie 2008 - 18:00

De Baanbrekersbeurs yn Ljouwert hiert taksybuskes yn om belangstellenden nei de beurs te bringen. Wurksykjenden dy't derhinne wolle, kinne it telefoannûmer 0512-518000 belje. In taksybuske hellet se dan thús op. Sa hawwe se gjin lêst fan 'e staking yn it busferfier.

Op 'e banebeurs yn it WTC-Expo yn Ljouwert biede sa'n hûndert bedriuwen sânhûndert banen oan. De beurs is woansdei en tongersdei. Der binne 12.000 wurksykjenden útnoege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)