BAM net yn aksje op Weissensee

25 jan 2014 - 14:43
  • Jorrit Bergsma

De maratonriders fan de BAM-ploech gean sneon net fan start op de Grand Prix wedstriid op de Weissensee yn Eastenryk. De ploech fan coach Jillert Anema sit yn Inzell, dêr't Jorrit Bergsma, Bob de Jong en Alexis Contin harren tariede op de Olympyske Spelen yn Sotsji.

De rest fan de ploech mei ûnder oare Arjan Stroetinga, Bob de Vries en Ingmar Berga sit op dit stuit yn Dútslân, mar giet snein nei de Weissensee om diel te nimmen oan it KPN Open NK dat 29 jannewaris ferriden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)