Baly boargersaken langer iepen

17 nov 2003 - 00:00

De ôfdieling Boargersaken yn Achtkarspelen moat tongersdeitejûns iepen wêze. Dat fine B en W fan dy gemeente. De baly is no oant 18.00 oere iepen. Dat moat 20.00 oere wurde.

Neffens de bestjoerders ha de boargers ferlet fan rommere iepeningstiden. Dat kostet de gemeente goed 300 euro ekstra. Ekstra personiel is net nedich. De nije iepeningstiden soenen yn maart 2004 yngean moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)