Balstjurrige Makkumer oanhâlden

14 jun 2006 - 14:57

In man út Makkum (51) is tiisdeitejûn troch de plysje by Boalsert fan de dyk helle. Hy ried sûnder ljocht de sneldyk op en negearde in stopteken. Twa plysjeauto's hawwe him klemriden.

De man hie te folle drank op en wegere op it buro mei te wurkjen oan in blaastest. Foardat er de dyk opgie, hie er in ynwenster fan Makkum (49) yn har hûs mishannele. De Makkumer wie by it fuortriden boppedat ek noch tsjin in parkearde auto opriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)