Balstjurrige Ljouwerter oppakt

28 maaie 2011 - 14:51

In balstjurrige Ljouwerter is freed oanhâlden omdat er plysjeminsken ferhindere har wurk te dwaan. De plysjes besochten in auto dy't midden op in krusing fan de Wurdumerdyk stil stie dêrwei te krijen. De bestjoerster fan dy auto siet yn de auto te beljen, mar blokkearre yntusken it ferkear.

Se sei dat se pech hie, mar woe ek net ha dat de plysjeminsken de auto oan de kant treaunen. In man fan 36 bemuoide him mei lûde stim mei it gesprek. Hy woe net fuortgean en is doe oanhâlden,

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)