Balstjurrige jonge oppakt

20 mrt 2011 - 15:36

In dronken 17-jierrige jonge is sneontenacht op It Hearrenfean oppakt foar balstjurrigens en mislediging. Doe't er in hoarekasaak ferlitten hie, skopte de jonge tsjin rollûken, sloech er op ruten fan in winkel yn de Skoalsteech en reagearre him ôf op in fyts dy't dêr stie.

Plysjes namen de jonge mei nei it buro. Op wei dêrhinne misledige er in plysje ferskate kearen. Nei ferhoar krige er proses-ferbaal wêrnei't de plysjes him thúsbrochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)