Ballonnen dochs de loft yn

28 jul 2007 - 10:17

It publyk by de Jouster ballonfeesten hat freedtejûn dochs noch sjen kinnen hoe't de luchtballonnen de loft yngiene. It wie lang ûnwis of dat koe, om't it te hurd waaide. Tsjin njoggen oere giene de ballonnen de loft yn.

De measte special-shapes bleaunen lykwols oan de grûn. It farren mei sa'n ballon yn in spesjale foarm is in stik lestiger as mei in gewoane ballon en de piloaten woene gjin risiko's nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)