Ballonne-aksje yn Boalsert

10 des 2003 - 00:00

Bern fan basisskoalle De Blinker yn Boalsert binne lilk op it COA. Op 't heden ferlieze se alle wiken wer in pear klasgenoatsjes troch de sluting fan azc De Parkflat per 1 jannewaris. 20 fan de 38 skoalgenoaten út de opfang, binne yntusken al fuort.

Om dêr tsjin te protestearjen binne woansdei, op de dei foar de rjochten fan de minsk, 100 ballonnen de loft ynlitten. Op de ballonnen steane de nammen fan de asylsikersbern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)