Ballonfeesten wer begûn

24 jul 2003 - 00:00

De achttjinde edysje fan de ballonfeesten is woansdei útein set op 'e Jouwer. Yn totaal dogge der 35 ballonnen út binnen- en bûtenlân mei oan it evenemint dat fiif dagen duorret. Dêrfan hawwe der 16 in spesjale foarm. Sneintejûn is de ôfsluting mei in grut fjoerwurk.

Dit jier wurdt ek op 'e nij de Hynstedei organisearre. Ferline jier waard dat evenemint skrast om't it de organisaasje te folle jild koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)