Ballonfeest falt yn ´t wetter

27 jul 2008 - 12:20
  • In wiete Nutsbaan
  • Freed koene de ballonnen wol omheech

De Ballonfeesten op De Jouwer geane snein net troch. De nutsbaan op De Jouwer is dweiltrochwiet troch de buien fan sneontejûn. Neffens de organisaasje is it net mooglik om dêr publyk te ûntfangen. Sneontejûn hiene de ballonfeesten ek al slim te lijen fan it waar. Troch de tongerbuien koene de ballonnen net de loft yn, mar ek de muzyk koe net trochgean.

It publyk moast skûlje yn tinten en frachtauto´s. Om in oere as 10 is elkenien nei hûs gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)