Ballonfeart foar Azië

03 jan 2005 - 08:49

Ballonfarder Kleinsmit fan Grou hat in bysûndere aksje op tou set foar de ramp yn Azië. Hy wol dat safolle mooglik ballonfarders har ballon belangeleas beskikber stelle. De fergoeding dy't passazjiers betelje, 200 euro, komt dan folslein ten goede oan giro 555.

Neffens Kleinsmit binne yn De Jouwer wol 35 ballonnen te finen dy't meidwaan wolle oan de aksje. De 'Aziëballonnen' sille dan yn de maitiid tagelyk de loft yn gean foar har tocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)