Ballonfeart boeren oergien

22 jul 2009 - 08:47
  • Ballonfeart foar boeren is tiisdeitejûn oergien

De ballonfeart foar boeren is tiisdeitejûn net trochgien. De organisaasje fan de Jouster Ballonfeesten fertroude it waar net. Der wiene tongerbuien foarsein.

Alle jierren mei in groep útlotte boeren de dei foar't de Ballonfeesten begjinne mei in ballon de loft yn. Dêrmei wol de organisaasje de boeren tank sizze om't de ballonnen op it lân fan dy boeren delkomme mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)