Ballon: hûnen springe troch rút

21 aug 2001 - 00:00

In ynwenner fan Nijeberkeap hat moandei oerlêst hân fan in loftballon. It ding fleach leech oer syn wente oan de Bovenweg. Lyk boppe it hûs sette de ballonfaarder de gasbaarner oan. De hûnen fan 'e bewenner waarden sa kjel dat se dwers troch in rút sprongen.

Om't de Berkeapster it registraasjenûmer fan 'e ballon net lêze koe, koe er gjin oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)