Balletôfdieling op strjitte

07 maaie 2012 - 22:13

De balletskoalle fan Parnas sit mei de hannen yn it hier. No't de gemeente it kultuersintrum tichtdocht hawwe se nei dit seizoen gjin ûnderkommen mear. De dûnsleararessen binne al inkele moannen dwaande om in seal te finen, mar oant no ta noch sûnder resultaat.

Ballet freget in tige spesifike seal en kin net samar yn in gymseal of doarpshûs beoefene wurde. Ljouwert hat noch inkele oare balletskoallen, mar neffens de balletdosinten is dêr gjin plak foar se. De gemeente lit witte dat der noch hieltyd wurke wurdt oan in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)