Ballast presintearret plannen

21 mrt 2014 - 16:04
  • In ympresje fan it nije Thialf
  • It ynterieur fan it nije Thialf

De plannen foar de fernijbou fan Thialf binne freedtemiddei offisjeel presintearre troch boubedriuw Ballast Nedam. It nije Thialf moat de sfear fan it âlde Thialf behâlde.

It iis wurdt letterlik sintraal steld troch alle ûnderdielen meielkoar te ferbinen. Fan de topsporttrainingsfasiliteiten út is der bygelyks útsjoch op de wedstriidbaan. Der komme twa yngongen: in lytse, yntime en in grutte foar grutte eveneminten, dy't te berikken is oer brede treppen. It âlde dak bliuwt diels stean en der komt in isolearjend plafond ûnder.

De iisflier wurdt ferbettere. Der komt foarearst gjin twadde baan, mar yn it ûntwerp wurdt wol rekken hâlden mei de mooglikheid om yn 'e takomst út te wreidzjen. De tariedings foar de fernijbou sette no útein. De nijbou moat yn 2016 klear wêze. It is de bedoeling dat ûnder de ferbouwing yn de wintermoannen wol riden wurde kin yn Thialf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)