Ballast Nedam stelt publikaasje jiersifers op 'e nij út

24 apr 2015 - 11:31
  • It ynterieur fan it nije Thialf

Boubedriuw Ballast Nedam hat de publikaasje fan de jierstikken op 'e nij útsteld. Neffens analisten jout dit oan hoe muoisum it mei it bedriuw giet. De beurskoers fan it bedriuw gie fuortendaliks mei 5 prosint nei ûnderen. As it misgiet mei Ballast Nedam, dan kin dit grutte gefolgen hawwe foar Thialf op It Hearrenfean.

Der wurdt in nije iisbaan boud en Ballast Ballast Nedam is dêrby it wichtichste boubedriuw. As dat fallyt giet, dan betsjut dat nei alle gedachten fertraging en ekstra kosten foar Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)