Ballast: Friezen belûke by bou

26 mrt 2014 - 14:51
  • It ynterieur fan it nije Thialf

Ballast Nedam wol safolle mooglik Fryske bedriuwen belûke by de wurksumheden by de bou fan it nije Thialf. Dizze oanpak kin neffens projektdirekteur Bernard Sinnema fan Ballast Nedam oant 2016 hûnderten banen opsmite. It boubedriuw sil sels op syk nei Fryske ûnderoannimmers, mar noeget ek bedriuwen út om sels wurk oan te bieden.

Twa Fryske arsjitekteburo's út Drachten en Snits stride no earst om de opdracht om wurktekeningen te meitsjen foar de bou fan de nije iistimpel.

De realisaasje fan it projekt kostet goed 80 miljoen euro en is ferline wike definityf gund oan Ballast Nedam. Nei de boufak begjint de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)