Balkster by Wikel yn 'e sleat

21 nov 2013 - 10:06
  • Plysje-embleem

In man fan 58 út Balk is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Lynbaen yn Wikel. De man rekke mei de auto yn de berm en ferlear de macht oer it stjoer en bedarre dêrtroch yn in sleat.

De bestjoerder is troch it ambulânsepersoniel út de auto helle en oerbrocht nei it sikehûs fan Snits. Dêr is der ek in bloedproef ôfnommen, omdat de plysje tocht dat der drank yn it spul wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)