'Balkenende moat Verdonk keare'

14 maaie 2004 - 00:00

Premier Balkenende sels moat yngripe om de plannen fan minister Verdonk te kearen. It is net humaan om yn trije jier 26.000 asylsikers út te setten.

Dat skriuwe in tal Fryske flechtlingeorganisaasjes yn in brief oan Balkenende. Se skriuwe dat asylsikers faak net werom kinne omdat har libben dan gefaar rint. Yn it brief wurdt it foarbyld neamd fan in Soedanees dy't nei oankomst yn syn heitelân fan de ierdboaiem ferdwûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)