Balken Dantumadiel moatte fuort

22 jan 2004 - 00:00

Ynwenners fan de gemeente Dantumadiel ha twa wike de tiid krigen om obstakels fan de dyk te heljen. It giet benammen om balken dy't brûkt wurde as oprit. Dy balken soargje foar in soad oerlêst. Sa kinne de strjitfeiers har wurk net goed dwaan en komme de balken somtiden op 'e dyk telâne.

Dantumadiel fynt dat de ynwenners in gewoane oprit, in ferleging yn de stoep, oanlizze moatte. As de balken lizzen bliuwe, dan wurde se ferwidere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)