Balk wint topper en is nije koprinner yn earste klasse E

20 feb 2016 - 16:46

De fuotballers fan Balk hawwe sneon de topper tsjin koprinner Oranje Nassau mei 3-1 wûn. Op eigen fjild makke Johan Geertsma de betide iepeningstreffer. Krekt foar rêst sette Pistis Nzoko de 2-0 op it boerd. Nei rêst moasten de gasten út Grins mei 10 man fierder, nei in reade kaart. By dizze aksje rekke Karst Geertsma blessearre en moast fan it fjild ôfdroegen wurde. Roald Haanstra profitearre fan de man-mear-situaasje mei de 3-0. De Grinzers soargen foar de 3-1 einstân.

Troch de winst is de ploech de nije koprinner yn de earste klasse E.

De Fryske derby yn de earste klasse E tusken Bûtenpost en Blau Wyt '34 waard mei 2-0 in proai foar de Ljouwerters. Winst wie der ek foar stedsgenoat Ljouwerter Sweltsjes, dat mei 1-0 oan de langste ein luts tsjin Bedum. Feanwâlden ferlear mei 3-1 fan PKC '83. BCV pakte in 2-1 oerwinning by Groen Geel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)