Balk op de kaart set

09 feb 2012 - 16:49

De Alvestêdetocht dy't der net kaam is, hat Balk op 'e kaart set. Nei alle drokte om de Alvestêdetocht hinne hat it doarp net te kleien oer belangstelling. Toeristen wolle mei eigen eagen sjen hoe't Balk derút sjocht.

It rivierke de Luts troch Balk wie hieltyd mei it minne iis punt fan diskusje. Der wie op in stuit sels sprake fan in oare rûte oer de Fluezen, om Balk hinne. Dan soe de tocht wol trochgean kinne. Mar sels dy alternative rûte hat net holpen. Woansdei waard bekend dat de tocht foarearst net trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)