Balk ferdield oer ôfsluting

11 okt 2011 - 16:15

De mienings fan de ûndernimmers yn Balk binne ferdield oer it wol of net ôfsluten fan de winkelstrjitte. De gemeente hat dêr fan april oant oktober in proef mei dien. Doel is om sa mear toeristen nei Balk te krijen. De proef hat guon ûndernimmers omset koste. Oaren sizze krekt dat it der better fan wurden is.

Tiisdeitejûn wurde de resultaten fan in enkête ûnder de ûndernimmers bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)