Balk benaud foar omsetferlies

28 jul 2012 - 13:06

Undernimmers yn Balk binne benaud foar ferlies oan omset no't yn septimber de trochgeande dyk nei Wâldsein foar twa moanne ôfsluten wurdt. De dyk giet ticht foar ûnderhâld. Minsken dy't fan Wâldsein nei Balk gean, moatte kilometers omride. De ûndernimmers yn Balk tinke dat dat harren in soad klanten kostje sil.

Op dit stuit is Wâldsein noch rjochte op Balk foar it winkeljen, mar skielk binne de klanten gauwer yn Snits as yn Balk. De Balkster winkelju binne benaud dat dy yn oktober, as it wurk oan de dyk klear is, ek net weromkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)