Balk benaud foar kattemepper

09 des 2011 - 16:02

Balk is yn de besnijing fan in kattemepper. Yn seis jier tiid binne der al 50 katten ferdwûn. Nei seksje op trije deade katten wurdt tocht oan fergiftiging. Benammen oan noardkant fan it doarp wurde in soad katten fermist. Fan de measten is neat mear fernaam, mar koartlyn binne fjouwer deade katten fûn. Twa katten fan 'e famylje Potma binne it slachtoffer wurden fan in kattehater.

Der is in website opsetten, dêr't eigeners harren fermiste katten melde kinne. De plysje is op de hichte brocht. Mar dy kin neat dwaan sa lang se de dieder of dieders net op 'e die betraapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)