Baldiedigens yn Drachten

03 jan 2010 - 15:06

In 14-jierrige jonge út Amsterdam is yn de nacht fan sneon op snein oanholden troch de plysje op fertinking fan fernieling. It personiel fan in hoarekagelegenheid op de Noardkade yn Drachten trapearre de jonge op it fernielen fan de beklaaiïng fan in bankje.

Se melden dit by de plysje, wêrnei't de jonge oanholden waard en oerbrocht nei it buro. Nei ferhoar waard er wer frijlitten. De saak wurdt ôfhannele fia de HALT-regeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)