Bakstien út rioel Voorstraat Harns helle

13 jul 2015 - 11:14

De gemeente Harns hat moandeitemoarn in bakstien út it rioel ûnder de Voorstraat yn Harns weihelle. De stien feroarsake nei alle gedachten de wetteroerlêst yn it argyf ûnder it stedhûs. Troch graafwurksumheden waard dúdlik dat it wetter út it rioel kaam. Nei ynspeksje mei in kamera waard de bakstien ûntdutsen.

It argyf yn de kelder fan it stedhûs fan Harns kaam koartlyn mei it needwaar splis te stean. It rioel is yn de jierren tachtich fernijd. It liket derop dat de stien sûnt dy tiid al yn de buis sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)